IEPENLOFTSPUL SUWÂLD '25


Yn septimber 2025 sille wy it klassike stik 'De ballade fan in tryst kafee' fan Edward Albee (bekend fan Who's Afraid of Virginia Woolf?) opfiere. Wy hawwe der sin oan! Folgje ús op Facebook en Instagram foar fideo's fan ús proses.

Regy: Grytha Visser | Oorspronkelijke titel: "The Ballad of the Sad Café" fan Carson McCullers | Bewurking foar it toaniel troch Edward Albee | Deze amateur productie wordt gebracht i.s.m. Auteursbureau ALMO bvba


17, 19, 20, 25, 26, 27 septimber 2025


In ferhaal oer leafde, iensumens en macht.

Yn De ballade fan in tryst kafee sjogge wy Rike Hottinga, in eigensinnige frou. Sy nimt in nije gast yn har hûs op, en mei syn komst komt der libben yn 'e brouwerij. Lykas't se har hert iepenet foar de leafde, iepenet ek it doarp, en feroaret har winkel yn in kafee.

Dit kafee wurdt in plak fan ferbining, wêr't wille en fertriet ticht byinoar lizze. Mar as Rike har eks-man weromkomt út de finzenis, rinne de spanningen op. Dit is in werkenber ferhaal foar elkenien. Wy witte hjir yn Suwâld hoe wichtich in kafee wêze kin foar de libbendigens fan it doarp. Miskien is it mar in ferhaal. Of dochs net...?


Mei mooglik makke troch û.a.: Gemeente Tytsjerksteradiel, Provinsje Fryslân, it Cultuurfonds en ús sponsoren lykas Piet Gosse Hoekstra (wêr't wy bouwe meie yn de loods!).

Vragen? 

kommaroptoaniel@gmail.com

Wel eens gedacht dat het je leuk lijkt om iets met theater te doen? Zoek contact! We hebben je er graag bij.