Iepenloftspul Suwâld - Pandarello 2023

KOM MAR OP! 

in lyts selskip mei grutte ambities yn Suwâld

It selskip is yn 2001 úteinset nei it ophâlden fan de foarrinner 'It iepen doekje'.

"De ôfrúne jierren ha wy stadichoan in selskip opbout mei in bestjoer, regisseur, meiwurkers foar alle dissiplines en erfaren en nije spilers yn alle leeftiden.

Sûnt 2009 hat 'Kom mar op!' in jongereintoaniel-ôfdieling in eigen regisseur (Grytha Visser). Hjiroan nimme jeugdleden diel fan de lêste klassen fan de basisskoalle en de earste klassen fan it fuortset ûnderwiis.

Der is de ôfrúne jierren ynvestearre yn opliedings, ljocht en lûd om binnen de mooglikheden dy't wy ha it selskip nei in heger plan te bringen."


- Jan Visser, foarsitter bestjoer


KOM MAR OP! 

WINT GOUDEN GURBES

2019 + beste bijrol 



Wat hébben we een mooie avond gehad in Sneek bij de uitreiking van de Gouden Gurbes! Wat een feest!



"Spetterjend spektakel oer Oera Linda-boek"

Leeuwarder Courant ★★★★


"It gehiel is in prachtich eagjend, spetterjend spektakel wurden mei in pear moaie lieten, mei dûns en in soad gekkichheid. Geandewei wint de foarstelling oan earnst."
"De sênes mei Haverschmidt en Ottema en dy mei Haverschmidt en syn alter ego Piet Paaltjens foarmje it dramatyske hichtepunt fan dit tige slagge earste iepenloftspul fan Suwâld."

Klik hier voor het hele artikel

"Suwâld set mei 'Oer Linda' de spilers op skerp"

Friesch Dagblad 


"De klaaing yn kombinaasje mei eachstrieljend kap- en grimewurk is perfekt.
In heechweardige foarstelling op in mooie lokaasje."

"Oera Linda fertsjinnet absolút alle jûnen folle tribunes en ien as twa ekstra foarstellingen"

De Moanne

(......) "Prachtige, humoristyske rollen binne der foar de trije manlju Henk van Elden, Dirk van Waeerden en Rienk Tholen) dy't, wylst se, in gleske port derby, de fyt betinke en Haverschmidt/Paaltjens it ferhaal skriuwt. Dan wer sjocht it publyk de ynhâld fan it boek, dan wer de trije grapmakkers, tagelyk sjogge de trije hoe't de ynhâld him foar har eagen op it poadium ûntwikkelet en ôfspilet. In fernimstige opset. (....) Ek it dekôr is fraai, benammen as it tsjuster wurdt. It liet, in solo fan in jonge frou - Marleen de Boer - mei sa'n suver lûd dat je der stil fan wurde en it troch alle spilers tagelyk brochte swingende 'Wa hat it skreaun' makket dat it publyk mei in goed sin nei hûs giet.

Klik hier voor het hele artikel 


KOM MAR OP! WINT STAF TOANIELPRIIS 2018!


2018 credits Bauke de Haan
2018 credits Bauke de Haan
credits: Bauke de Haan/Sjoukje Kooi
credits: Bauke de Haan/Sjoukje Kooi

Wy binne tige grutsk!

Dit is in trijejierlikse priis foar selskippen dy't harren ûnderskiede troch in bysûnder plak yn de mienskip, dy't fernijende foarstellingen meitsje of harren op in oare wize ûnderskiede. Dizze priis is in prachtige wurdearring foar eltsenien dy't belutsen is by Kom mar op!

Der wiene tsien selskippen dy't gading makken foar de toanielpriis. Fiif selskippen hjirfan krigen de kâns harren yn in pitch fan fiif minuten te presintearjen oan de sjuery.


De sjuery hat frege at wy yn de pitch ekstra oandacht besteegje koenen oan de fideo dy't wy in pear jier lyn mei Amsterdamse keunstners makke ha en oan hoe de jongerein it spyljen fan bygelyks in klassiker as Hamlet fynt.


Wy binne mei seis persoanen nei Ljouwert ôfreizge foar de presintaasje: Regisseur Grytha Visser en Martha en Silke ha sprutsen oer Kom mar op!- Jong. Jeltje en Peter ha it meispyljen yn de fideo taljochte. 

Jan wie út namme fan it bestjoer mei om it organisatoaryske diel te presintearjen. De sjuery wie sichtber únder de yndruk fan de antwurden fan Martha en Silke oer it spyljen by Kom mar op! Ek de fierdere taljochtings fan Grytha, Jeltje, Peter en Jan waarden op priis stelt.

2019
2019

Juryrapport STAF toanielpriis 2018

Stifting 'Kom mar op!' Suwâld

'Kom mar op!' is een spraakmakende Stichting, die tijdens de presentatie laat zien dat er heel doelbewust en met visie gewerkt wordt. Er is een driedelig beleid dat zich richt op de volwassenen, jongeren en andersoortige projecten. Er is een duidelijke overtreffende kwaliteitsnorm wat betreft professionele begeleiding, zowel bij de volwassenen als de jongeren. Waarbij zelfs zeer jeugdigen in staat zijn kwalitatief sterke stukken te spelen. Bijzonder was, dat enkelen van hen bij de presentatie hun verhaal en beleving kwamen doen. De stichting staat open voor andersoortige projecten, waar de leden groot plezier aan beleven en een uitdaging in vinden buiten het reguliere programma.Bovendien leiden dit soort projecten tot een nieuwe aanwas van leden. Suwâld ligt wat geïsoleerd buitenaf, maar heeft een groter bereik (zoekt dat ook bewust op) dan de kleine gemeenschap van bewoners. Dat is te zien aan de publieksaantallen, maar ook doordat andere projecten, zoals producties van Under de Toer, de Stichting weten te vinden als er spelers gezocht worden.

Op 21 april 2018 is tidens de STAF feestjûn yn Feanplaza Hearrenfean de útslach bekend makke. ROTO út Reduzum, Mei-inoar út Spannum en Kom mar op! út Suwâld wienen de trije oerbleaune gadingmakkers. De úntlading wie grut doe't akteur Peter Tuinman Kom mar op! as priiswinner bekind makke.

Iepenloftspul Suwâld - Pandarello 2023