Iepenloftspul Suwâld - Pandarello 2023

IT FERHAAL

Yn 1867 dûkte it Oera Linda boek op. In fassinearjend manuskript skreaun yn runetekens. Neffens it boek soe de wrâld sa't wy dy no kinne begûn wêze yn Fryslân. Ien fan de earste gelearden dy't Oera Linda ûnder eagen krige wie J.G. Ottema út Ljouwert. Oant flak foar syn tragyske dea leaude Ottema fêst yn de wierheid fan it boek, mar al foar de earste publikaasje wiene der gelearden dy't de echtens yn twifel lutsen. Neffens harren wie it in falsifikaasje. Ek no binne der mar in hiel pear minsken dy't leauwe dat it Oera Linda boek echt is en dat de ferhalen dêryn ek wier bart binne. Mar dat bringt ús lyk op de fraach: wa ha it skreaun en wêrom? Wa wienen dizze grappenmakkers? Ynsinuaasjes fleachen yn it rûn, mar de makkers swijden yn alle talen.

Yn rom hûndert jier binne mear as tûzen stúdzjes en artikels skreaun oer it Oera Linda Boek en syn makkers. Noch jierren letter bleaune der ek lytse groepen bestean dy't folhâlden dat it hânskrift wól oerâld wie. En de ferhalen deryn echt wól bart wiene. Bygelyks by guon nazi's foar de Twadde Wrâldkriich. Mar ek yn de lettere New Age beweging - oant hjoed de dei. Sa is der in Australyske sekte dy't harren 'The Daughters of Frya' neame. De Frysk-Germaanse goadinne Frya en har maagdelike tsjinneressen spylje nammentlik in wichtige rol yn it Oera. 

It ferhaal fan hoe't it boek ta stân kaam, wat men dermei woe, hoe muoisum it de wrâld yn bracht waard en troch hokker misferstannen it dêrnei in hiel eigen libben liede - is wêr dit iepenloftspul oer giet.


DE FOARSTELLING

Spesjaal foar Suwâld hat tekstskriuwer Hans Brans in Iepenloftspul skreaun oer Oera Linda. Mei dizze primeur wurdt dit ieuwenâlde mystearje nij libben ynblaast. It teaterstik is regissearre troch Grytha Visser. De maagden, de skriuwers fan it boek en de frije Friezen komme gear yn in orizjineel iepenloftspul. Wy sjogge hoe't it boek ûntstien is as geniale grap mei in dramatyske ôfrin. Wa hat it boek skreaun en wêrom? Wat dreau de skriuwers, wat is harren ferhaal? Reizgje mei nei it begjin fan de tiden, en dompelje dy ûnder yn in grut riedsel: It Oera Linda-boek.

Koart sein kin it Oera Linda boek in mislearre grap fan trije hearen neamt wurde.

DE SKRIUWERS

Wy binne der frijwol wis fan dat Cornelis Over de Linden, Eelco Verwijs en François Haverschmidt de skriuwers fan it Oera-Linda boek binne. (foto ^) Over de Linden wie dejinge dy't yn 1867 mei it manuskript nei bûten kaam. De namme Oera Linda ferwiist ek nei syn efternamme, Over de Linden. De wichtichste skriuwer wie de yn Ljouwert berne dûmny François Haverschmidt, better bekend ûnder syn dichtersnamme Piet Paaltjens. Mei it Oera Linda Boek woe hy net allinnich de draak stekke mei in sabeare 'Grut Fryslân', mar benammen mei leauwenden dy't de Bibel hielendal letterlik namen. In satire dus op goedleauwenden. Sa't it liket rekken de trije mannen yn panyk doe't it boek úteinlik leaut waard en safolle oanhing krige. Se ha noait tajûn da't sy de skriuwers wienen.

Foto: Maartje Roos
Foto: Maartje Roos
Iepenloftspul Suwâld - Pandarello 2023