Us jongerein op it Match Festival







Komst ek nei it MATCH 🔥 Festival ?
It Match Festival is de feestlike ôfsluting fan it projekt MATCH, en ús jongerein dogge mei! Se spylje harren eigen foarstelling 'Middernacht' yn reprise op dit festival.
Kom sjen wat ús jongerentoneelgroep makket, op sneon 10 maaie yn De Klink yn Koudum.
It festival is fergees, mar meld dy wol efkes oan:
👉keunstwurk.nl/agenda/match-festival/
Wat kinst ferwachtsje?
Fiif ferieningen, wêrûnder ús eigen jongerentoneelgroep, presintearje harren fernijende foarstellingen. Der is in kulturele merk mei ynfo oer it oanbod yn dyn regio, eksposysjes op ferskate lokaasjes én fansels in moai momint om oare toanielminsken te moetsjen.
Dizze ferieningen en regisseurs dogge mei:
• Artiku – Koudum & Jort Breeuwsma
• Toanielselskip Spilersnocht Donkerbroek & Carolien Tiedema
• Nijljochters – Spannum & Marije Smit
• Kom mar Op – Suwâld & Esmee de Haan (ús jongerein spilet 'Middernacht'!)
• Nut en Genoegen – Easterlittens & Rudi Stuve
Programma en mear ynfo:
👉 keunstwurk.nl/agenda/match-festival