KOM MAR OP! WINT STAF TOANIELPRIIS 2018!
01-09-2018


It selskip is yn 2001 úteinset nei it ophâlden fan de foarrinner 'It iepen doekje'.
"De ôfrúne jierren ha wy stadichoan in selskip opbout mei in bestjoer, regisseur, meiwurkers foar alle dissiplines en erfaren en nije spilers yn alle leeftiden.
Sûnt 2009 hat 'Kom mar op!' in jongereintoaniel-ôfdieling in eigen regisseur (Grytha Visser). Hjiroan nimme jeugdleden diel fan de lêste klassen fan de basisskoalle en de earste klassen fan it fuortset ûnderwiis.
Der is de ôfrúne jierren ynvestearre yn opliedings, ljocht en lûd om binnen de mooglikheden dy't wy ha it selskip nei in heger plan te bringen."
- Jan Visser, foarsitter bestjoer