Iepenloftspul Suwâld - Pandarello 2023

Lang & Gelukkig

It wol en wee fan fiskerswiddo Kniertje en de oare froulju dy't harren neisten oan de see ferlearen lit nimmen kâld. Seker at Kniertje foar it gruwelijke dilemma komt te stean of't se har jongste soan Barend ek nei see stjoere sil. Harren gefjocht om te oerlibjen bukt ûnder it herteleaze belied fan reder Bos liedt ta ien konklúzje: de fisk wurd djoer betelle.


Op Hoop fan Segen is de opfolger fan it mei de Gouden Gurbe bekroande iepenloftspul 'Oera Linda'. De Frysktalige produksje wurd opfiert op in tapasselike lokaasje: ûnder dak yn in monumintale buorkerij oan it wetter. Dizze klassiker is it meast spile Nederlânske toanielstik op de wrâld en waard ferskate kearen ferfilme. It fiskersdrama fan Herman Heijermans hat noch neat oan sizzenskrêft ferlern en sil mei heechweardich spul en prachtige muzyk opnij minskjen glimkje litte en reitsje yn it hert. 


ENTREE KAARTEN

Volwassene €16,-

Kind tot 12 jaar €10,-

Met korting kaarten bestellen? Dat kan! Word nu donateur voor €10

Donateurskaarten:
Volwassene €8,50
Kind €5,- 

Troch donateur te wurden stypje jo toanielselskip stifting 'Kom mar op!' en krije jo koarting op de tagong ta ús foarstelling. 

OVERIGE INFORMATIE


LOCATIE:
Zuiderend 16, 9265 LX Suwâld


TIJD

20.00 - 22.30 uur 

  • Wannear in foarstelling om hokker reden dan ek net trochgean kin, wurd die foarstelling spile op ien fan de reservedatums. De foarstellings fine plak yn yn Suwâld.

  • Wy rekkenje op prachtich waar, dochs is it yn ferbân mei de wyn ferstannich dy waarm oan te klaaien. Paraplu's binne net tastien yn ferbân mei it sicht op de foarstelling.
  • De foarstelling fynt plak op ûnferhurde terrein. Binne jo ynfalide of giet it rinnen muoisum, wolle jo dit oanjaan by kommaroptoaniel@gmail.com sadat wy jo assistearje kinne?
  • De entree is iepene fan 19.00 oere ôf.  
  • Jo kinne pinne by de hoareka op de lokaasje.

Iepenloftspul Suwâld - Pandarello 2023