KOM MAR OP!  

WINT DE STAF TOANIELPRIIS 2018!


Wy binne tige grutsk op de winst fan de STAF toanielpriis 2018! 

Dit is in trijejierlikse priis foar selskippen dy't harren ûnderskiede troch in bysûnder plak yn de mienskip, dy't fernijende foarstellingen meitsje of harren op in oare wize ûnderskiede. Dizze priis is in prachtige wurdearring foar eltsenien dy't belutsen is by Kom mar op!
Der wiene tsien selskippen dy't gading makken foar de toanielpriis. Fiif selskippen hjirfan krigen de kâns harren yn in pitch fan fiif minuten te presintearjen oan de sjuery.
De sjuery hat frege at wy yn de pitch ekstra oandacht besteegje koenen oan de fideo dy't wy in pear jier lyn mei Amsterdamse keunstners makke ha en oan hoe de jongerein it spyljen fan bygelyks in klassiker as Hamlet fynt.
Wy binne mei seis persoanen nei Ljouwert ôfreizge foar de presintaasje: Regisseur Grytha Visser en Martha en Silke ha sprutsen oer Kom mar op!- Jong. Jeltje en Peter ha it meispyljen yn de fideo taljochte. Jan wie út namme fan it bestjoer mei om it organisatoaryske diel te presintearjen. De sjuery wie sichtber únder de yndruk fan de antwurden fan Martha en Silke oer it spyljen by Kom mar op! Ek de fierdere taljochtings fan Grytha, Jeltje, Peter en Jan waarden op priis stelt.

Juryrapport

Stifting 'Kom mar op!' Suwâld

'Kom mar op!' is een spraakmakende Stichting, die tijdens de presentatie laat zien dat er heel doelbewust en met visie gewerkt wordt. Er is een driedelig beleid dat zich richt op de volwassenen, jongeren en andersoortige projecten. Er is een duidelijke overtreffende kwaliteitsnorm wat betreft professionele begeleiding, zowel bij de volwassenen als de jongeren. Waarbij zelfs zeer jeugdigen in staat zijn kwalitatief sterke stukken te spelen. Bijzonder was, dat enkelen van hen bij de presentatie hun verhaal en beleving kwamen doen. De stichting staat open voor andersoortige projecten, waar de leden groot plezier aan beleven en een uitdaging in vinden buiten het reguliere programma.Bovendien leiden dit soort projecten tot een nieuwe aanwas van leden. Suwâld ligt wat geïsoleerd buitenaf, maar heeft een groter bereik (zoekt dat ook bewust op) dan de kleine gemeenschap van bewoners. Dat is te zien aan de publieksaantallen, maar ook doordat andere projecten, zoals producties van Under de Toer, de Stichting weten te vinden als er spelers gezocht worden.

Op 21 april 2018 is tidens de STAF feestjûn yn Feanplaza Hearrenfean de útslach bekend makke. ROTO út Reduzum, Mei-inoar út Spannum en Kom mar op! út Suwâld wienen de trije oerbleaune gadingmakkers. De úntlading wie grut doe't akteur Peter Tuinman Kom mar op! as priiswinner bekind makke.